LTO Noord: Brúnrotbesmetting finansjeel en emosjoneel swier, lokaasje net bekend makke

27 okt 2018 - 10:18

In brúnrotbesmetting is emosjoneel swier, fertelt Tineke de Vries fan boere-organisaasje LTO. De boer hat him jierrenlang ynset foar syn bedriuw en dan bart soks. Finansjeel hat it ek grutte gefolgen, want de poaters moatte oprêden wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Ilse Hermanides

Tineke de Vries, LTO

Freed waard bekend dat der brúnrot oantroffen is by poatierappels fan in Fryske boer. De Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit hat de plantesykte konstatearre by in reguliere kontrôle. Twa bedriuwen yn Grinslân en Noard-Hollân binne ek troffen. Der wurdt noch ûndersocht oft oare partijen ek troffen binne troch de besmetting. De sykte is net gefaarlik foar minsken, mar hat grutte gefolgen foar de boeren.

Hokker boer troffen is, is net bekend makke

Wat der ek bykomt, fertelt Tineke de Vries (LTO) is dat der hygiënyske maatregels komme moatte, ûntsmetting en beheining fan de ferbou op it lân. De troffen boer mei in pear jier op it stik lân gjin gewaaksen ferbouwe dy't brúnrot fermearderje.

De LTO wit ek net wêr't it besmette bedriuw sit. Inkeld de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit wit dat. It is swier foar de troffen húshâlding, seit De Vries. It is oan it bedriuw sels om mei it nijs nei bûten te kommen.

Oerwaaid besmet wetter

In simmerstoarm fan trije jier ferlyn hat mooglik te krijen mei de besmetting fan no. Troch oerwaaiend besmet wetter is dêr nei alle gedachten yn foargeande jierren in brúnrotbesmetting út ûntstien, seit De Vries. It kin wêze dat dizze besmetting dêr ek út wei komt.

As de brúnrotbesmetting ek oantroffen wurdt by susterbedriuwen, dan kin dat in kettingreaksje feroarsaakje, neffens De Vries. Mar it spoar kin ek dearinne en dan bliuwt it by ien gefal. De brúnrotbaktearje bliuwt lang yn in perseel en yn in gewaaks. Soms wurdt in lichte besmetting net ûntdutsen. Dat bout him op en kin mei twa of trije jier wer de kop opstekke.

Bûtenlân wit dat Nederlân der boppe-op sit

Dizze brúnrotbesmetting is striemin foar de eksport, fertelt De Vries. Oan de oare kant witte se yn it bûtenlân ek dat Nederlân der boppe-op sit, wat bemûnstering en ûndersyk oanbelanget. Hiele lichte besmettings kinne jo net foar, mar de kâns dat in mei brúnrot besmette partij útfierd wurdt nei it bûtenlân is net grut.

Frou de Vries wit net oft de brúnrotboer lid is fan de LTO, se wit ek net hokker bedriuw it is. Mar as it bedriuw kontakt opnimt mei de LTO dan kin de organisaasje de boer altyd bystean. Allinnich it ferhaal oanhearre, is ek goed, seit De Vries.

Fersekering fergoedet inkeld skea fan ien jier

De measte boeren binne fersekere foar brúnrot, seit De Vries. Partijen dy't oprêden wurde moatte, krijt de boer in fergoeding foar. Mar de ferfolchskea falt net te fersekerjen en dat kin finansjele gefolgen hawwe.

Trefwurden: 
LTO Tineke de Vries brúnrot
(advertinsje)