Earste Fryske suksessen op brassbandkampioenskippen yn Utrecht

27 okt 2018 - 08:24

Ferskate Fryske brassbands binne freed yn de prizen fallen op de Nederlânske brassbandkampioenskippen yn Utrecht.

Foto: Shutterstock.com

Yn de fjirde difyzje wûn brassband Halleluja út Menaam. Yn de fjirde difyzje gie de saneamde 'seksjepriis' nei de bariton- en eufoaniumseksje fan brassband Soli Deo Gloria út De Tike. Yn de tredde difyzje wûn Looft den Heer út Bitgummole. De solistepriis wie foar de bugel fan Blaast de Bazuin út Surhústerfean.

Sneon oerdeis binne de wedstriden yn de twadde en earste difyzje en sneontejûn de kampioensdifyzje. Dan wurdt bekend hokker brassband him dit jier Nederlânsk kampioen neame mei. Dit jier dogge fjirtich brassbands mei. Yn Fryslân binne in soad brassbands. Dêrom falle Fryske bands ek wol gauris yn de prizen.

Solistekampioen Robbert Oegema

(advertinsje)