Kollum: "It eigen gelyk"

"De ôfrûne jierren binne my in oantal saken opfallen. Bygelyks dat minsken net goed lêze, amper nei elkoar harkje en nei in heale sin al weromfalle op harren eigen miening en dêrby hearrende foaroardielen.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De Toan fan Ferdinand de Jong
Sels al skriuwe je der yn in berjochtsje eksplisyt by dat se de tiid nimme meie en moatte om even oer saken nei te tinken, komt der faak nei twa tellen al in antwurd dat je fan te foaren al by dy persoan ferwachte hiene.
Noch in foarbyld: Minsken nimme gewoan net de muoite om op in link te klikken, wylst je dat wol ferwachtsje en sels frege hiene. Soks is maklik te kontrolearjen. As je bygelyks in foto achter in link ferstopje mei de tekst dat jo wat slims mankearret en dy link nei in oar stjoere, is de kâns grut dat de oare gewoan trocheamelet oer it waar, sûnder op de link te klikken en jo dêrnei bot skokken te freegjen hoe't it mei jo giet. Echt wier, ik ha it sels besocht. Se sitte sa yn harren eigen wrâldsje opsletten dat se de muoite net nimme. Of se soenen it moai fine moatte dat my wat slims mankearret, mar dat 'geheel terzijde'.
Ek ûnder minsken dy't ik ta myn freonen rekkenje bin ik de hoop ferlern dat se langer as ien tel oer in mooglik bystellen fan harren miening neitinke. Oer it keningshûs bygelyks. In tankber ûnderwerp. Kening Willem en syn frou wiene dizze wike op steatsbesite yn Ingelân. Ik wit dat der minsken binne dy't nei ien sa'n sin daliks begjinne te razen oer wat alles net kostet en dat dy lju troch fererving op dat plak sitte en sa mear. As ik dan foarsichtich besykje pleitsjen dat der ek in mooglikheid is dat je yn in slim gefal fan opportune ferkiezingsútslaggen troch in links- of rjochtsekstremistyske premier fertsjintwurdige wurde kinne en dat ik dan leaver Willem en de frou haw, binne se al ôfheakke. Se hearre it net, of wolle it net hearre.
Sa giet it mei mear ûnderwerpen. Soms hawwe de ûnwrikbere tinkbylden mei politike partijen te krijen, wat de klup seit is evangeelje, soms hat it mei stimmingmakkerij op sosjale media te krijen. Hoe dan ek, minsken binne min te oertsjûgjen fan it feit dat soms de gesprekspartner ek in punt hat. It giet net om jo gelyk te heljen, mar om it ûntbrekken fan dialooch.
Op in gegeven momint rinne soksoarte saken heech op. Je wurde lilk, frustrearre omdat de oare kant net de muoite nimt om nei jo te harkjen, sels al stjoere jo se in link mei dêr achter it boadskip dat je healdea binne. It is, tink ik, net sa dat de oar it net witte wol, mar it komt miskien wol troch de oerdied oan ynformaasje dy't we alle dagen wer oer ús hinne krije. En dêr moatte we fansels ek allegearre wat fan fine, oars telle jo net mei.
Dus giet it oer gaswinning, Swarte Pyt, ymmigraasje, ljippen, de haadredaksje fan Omrop Fryslân of it besteansrjocht fan it keningshûs, elts hat wol in miening. Dy spuie we mei ús allen yn de dêrfoar bestimde hoekjes op ynternet of yn kranten. Leafst anonym, dan kinne je lekker los gean sûnder dat it konsekwinsjes hat. Begripend lêzen hat dêrby totaal gjin prioriteit."