Twa auto's botse op elkoar yn Aldeberkeap

26 okt 2018 - 23:15

Op de Hearrenfeansewei yn Aldeberkeap is freedtejûn in ûngelok bard tusken twa auto's. Doe 't ien fan de auto's ôfslaan woe, klapte de auto dêr achter op de foarste.

Ungelok Aldeberkeap - Foto: De Vries Media

De auto kaam ta stilstân op in pealtsje yn de boskjes. Der wie in ambulânse oproppen om de belutsenen te kontrolearjen op ferwûnings. Gjinien hoegde nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Aldeberkeap ûngelok
(advertinsje)