Min seizoen Fryske sealfuotbalfroulju hâldt oan

It is noch net it seizoen fan de twa Fryske sealfuotbalteams yn de earedifyzje foar froulju. Drachtster Boys en Avanti ha freed yn de Rânestêd alwer beide ferlern.
© twitter @dftda1
Drachtster Boys, dat foarich jier noch yn de finale stie om it lânskampioenskip, gie freed op besite by Den Haag. Yn de earste helte waard net skoard. Nei't Drachtster Boys de peal rekke, skeat Den Haag wol raak. Dat diene se nei in flaterke yn de Drachtster definsje. Ut de counter waard it sels 2-0.
Flak foar tiid makke Lisanne Kempe noch wol de 2-1, mar dêr bleau it ek by. De Drachtsters steane op it njoggende plak mei seis punten út seis wedstriden.

Avanti noch puntleas

Mei Avanti giet it noch minder. De Stienzers steane tolfde en lêste en wachtsje noch op har earste oerwinning. Ek yn Rotterdam by koprinner Feyenoord/TPP koe Avanti net stunte. Si Shut Hau sette de Friezen noch wol op 0-1.
Avanti hold dy foarsprong in hiele skoft fêst, mar moast yn de twadde helte dochs kapitulearje: 4-2.