Skipfeartmuseum wol ferhalen fertelle fan bern op skippersynternaten

26 okt 2018 - 22:21

It skipfeartmuseum yn Snits is op syk nei de ferhalen fan bern dy't yn it ferline op skippersynternaten sitten hawwe. Om dy ferhalen los te krijen, hawwe se in spesjale útstalling yn it museum ynrjochten. Op dy útstalling binne foto's te sjen út de kolleksje fan Gerben de Jong, ien fan de grûnlizzers fan de skippersynternaten yn Nederlân.

Foto: Omrop Fryslan, Wytse Vellinga

Ferline wike hie it Skipfeartmuseum in spesjale gearkomste foar âld-skipperynternaatbern en doe die wol bliken hoefolle ferhalen oft eins noch nea ferteld binne. It museum wol dy ferhalen no opnimme of opskriuwe om letter te brûken foar in nije útstalling of mooglik sels in boek.

Net allinnich skilderijen sjen litte

Neffens direkteur Meindert Seffinga is it ien fan de taken dy't it museum hat om net allinnich mar modellen en skilderijen fan skippen sjen te litten, mar ek ferhalen fan de minsken op dy skippen te finen. "En dat giet om hiele emosjonele ferhalen", seit Seffinga. "Bern moasten op harren achtste fan it skip ôf en nei it ynternaat. Fier fan heit en mem en de rest fan de famylje."

De bern kamen op sliepsealen telâne, dêr't se gjin eigen plakje mear hiene. Seffinga: "Der wie totaal gjin privacy. Je wiene altyd yn de groep, by it iten, by it sliepen en sels by it waskjen. En net elkenien koe dêr goed oer."

Skippersbern

(advertinsje)