Cambuur let ûnderút op besite by koprinner

26 okt 2018 - 21:54

Cambuur hold it lang fol op besite by koprinner Go Ahead Eagles, mar yn de lêste trije minuten fan de wedstriid gienen de Ljouwerters dochs ûnderút: 2-0.

Nei't de earste tsien minuten aardich op en del gienen, krige Go Ahead Eagles dêrnei de bêste kânsen. Benammen spits Thomas Verheydt wie in pear kear gefaarlik, mar hy wie net skerp genôch. Cambuur-doelman Xavier Mous moast wol yngripe by in skot fan Jaroslav Navrátil.

Mous foarkaam nei in healoere spyljen alwer de 1-0. Diskear wie Orzan Dzepar ticht by de iepeningstreffer. Yn de blessueretiid fan de earste helte hie Mous it wol dreech mei in frije traap fan Gino Bosz, mar de ploegen giene mei 0-0 nei de klaaikeamers.

Kânsen oan beide kanten

Betiid yn de twadde helte moast Daan Boerlage it fjild ferlitte mei in blessuere. Direkt dêrnei krige Dzepar wer in grutte kâns. Hy kopte njonken, nei in foarset fan Bosz.

Cambuur krige hieltyd mear it gefoal dat der wat te heljen wie yn Deventer en de Ljouwerters hienen ek kânsen op de 0-1. Go Ahead-doelman Hobie Verhulst bokste in skot fan Omar el Baad fuort en Kevin van Kippersluis koe krekt net by in foarset fan Andrejs Ciganiks.

Dzepar krige goed tsien minuten foar tiid syn tredde grutte kâns op de 1-0. Ien op ien mei Mous skeat er oer. Oan de oare kant wie Nigel Robertha even ûntsnapt oan de Go Ahead-definsje, mar hy kaam net ta in skot.

Go Ahead wint yn slotfaze

Yn de 87e minút waard it dochs 1-0 foar Go Ahead Eagles. Dzepar, dy't al wat kânsen om sjippe holpen hie, skoarde no wol mei de holle. Yn de lêste minút fan de wedstriid makke Navratil der noch 2-0 fan. Syn skot waard noch rekke troch Emmanuel Mbende, mar foel dochs yn it doel.

Duel tusken Istvan Bakx en Sai van Wermeskerken - Foto: www.orange-pictures.nl

Cambuur sakket

Go Ahead Eagles bliuwt troch de oerwinning koprinner. Cambuur sakket nei it achtste plak yn de earste difyzje.

Oare wike freed spylje de Ljouwerters thús tsjin Jong Ajax. Kommende tiisdei komt Cambuur al foar de KNVB-Beker yn aksje. Dan spylje se thús tsjin Koninklijke HFC.

Go Ahead Eagles - SC Cambuur: 2-0 (0-0) 87. Orhan Dzepar 1-0, 90. Jaroslav Navrátil 2-0

Opstelling SC Cambuur: Mous; El Baad, Mbende, Schilder, Van Wermeskerken; Conraad (69/Maulun), Ciganiks, Boerlage (57/Schils); Mathieu (88/Rossi), Robertha, Van Kippersluis

(advertinsje)