Froulju SC Hearrenfean jouwe it yn slotfaze fuort tsjin Alkmaar

SC Hearrenfean hat yn de earedifyzje foar froulju teloarstellend thús ferlern fan VV Alkmaar. De besikers hiene noch mar ien kear wûn, mar wiene freed mei 3-5 te sterk foar Hearrenfean.
Argyffoto mei Tiny Hoekstra © www.orange-pictures.nl
Troch in eigen goal fan Beau Rijks kaam Hearrenfean nei in kertier spyljen op 1-0. Dat wie nei't Tiny Hoekstra al de peal rekke hie. Lang koe Hearrenfean lykwols net genietsje fan de foarsprong, want Chelsea Kenton makke mei in frije traap al gau de gelykmakker.
Foar it skoft tocht it publyk dat Hearrenfean wer op foarsprong kaam, mar de goal fan Laura Strik gie net troch. Se stie bûtenspul.

Ferlies nettsjinsteande nije foarsprong

Noch foar't der in minút spile wie yn de twadde helte wie it dochs 2-1. Hoekstra makke de goal foar de Friezinnen. Wer kaam Alkmaar op gelikense hichte. Silvie van der Plas skoarde foar de besikers.
Yn de lêste tsien minuten gie it hielendal ferkeard by Hearrenfean. Jolet Lommen sette Alkmaar op 2-3. En al gau makke Yvette Derks dien wurk: mei in ôfstânsskot soarge se foar de 2-4. Kenton makke der sels 2-5 fan. Tiny Hoekstra skoarde noch wol tsjin, mar fierder as 3-5 kaam Hearrenfean net mear.