Epke definityf nei rekstôkfinale, Nederlân ek nei finale lannewedstriid

26 okt 2018 - 20:56

Epke Zonderland hat him definityf pleatst foar de WK-finale oan de rekstôk. De Fryske turner kaam tongersdei al yn aksje en sette doe in skoare fan 14,400 del. Dat wie úteinlik de fjird bêste oefening. Nederlân hat him ek ferrassend pleatst foar de finale fan de lannewedstriid. Dat is foar it earst.

De Nederlânske ploech bestiet njonken Epke Zonderland út Bart Deurloo, Bram Louwije, Frank Rijken en Casimir Schmidt. Ljouwerter Michel Bletterman is reserve.

De bêste acht lannen út de kwalifikaasje geane troch nei de finale. Nederlân wie sânde. De finale is takom moandei. Ruslân hie yn de kwalifikaasje de bêste skoare, foar Sina en Japan.

It bêste teamresultaat fan de Nederlânske turners op in WK is it alfde plak yn 2015. By de Olympyske Spelen fan twa jier lyn yn Rio de Janeiro einigen se as tsiende.

Rekstôk

De rekstôkfinale is sneon oer in wike. Kohei Uchimura, de wrâldkampioen fan 2015, sette yn de kwalifikaasje de heechste skoare del. Ek regearjend wrâldkampioen Tin Srbic is der wer by. Hy waard fyfde yn de kwalifikaasje. Bart Deurloo pakte ferline jier noch brûns, mar hat him diskear net foar de finale pleatst. Hy waard tolfde.

Epke Zonderland is ien kear olympysk kampioen en twa kear wrâldkampioen wurden op de rekstôk. In jier lyn waard er yn Montreal twadde op it WK.

(advertinsje)