Brúnrot oantroffen by poatierpelteler yn Fryslân

26 okt 2018 - 20:35

De Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) hat besmettingen mei brúnrot oantroffen by in partij ierpels fan in teler fan poatierpels. It giet om ierpels fan it ras spunta. De NVWA ûndersiket hoe grut oft de besmetting is. Ek twa bedriuwen yn Grinslân en Noard-Hollân binne troffen. De NVWA makket net bekend om hokker bedriuwen it giet. De sykte is net gefaarlik foar minsken.

Wâldgieltsjes - Foto: Ronnie Porte

Brúnrot is in plantesykte dy't feroarsake wurdt troch in baktearje dy't op in soad plakken foarkomt yn it oerflaktewetter. Dêrom meie boeren net mear bereine mei oerflaktewetter. De besmetting kaam oan it ljocht by in reguliere kontrôle.

Begjin dit jier waard de sykte foar it lêst oantroffen by in poatgoedteler.

Beheiningen en hygiënemaatregels

De ierpelpartijen binne besmet ferklearre en oare poatgoedpartijen fan it bedriuw meie net útplante wurde. Fierder jilde der beheiningen oan de perselen en moatte der hygiënemaatregels nommen wurde.

Ek susterpartijen, dêr't de baktearje net by oantoand is, krije de status 'waarschijnlijk besmet' en dy meie ek net útplante wurde.

We tochten dat we it aardich ûnder kontrôle hiene, dus dit is wol skrikke.

Poatierpelboer Hoitsma

Boer Piet Goffe Hoitsma fan Frjentsjer ferbout ek poatierpels en is bot skrokken fan it nijs, ek al wie it net by syn bedriuw. Hy skrikt foaral omdat it oantroffen is by trije bedriuwen yn Nederlân. "We tochten dat we it aardich ûnder kontrôle hiene, dus dit is wol skrikke", seit Hoitsma.

Yn Noardeast-Fryslân ferbouwe hast alle ierpelboeren poaters. Dat der no in besmetting is, is soarchlik. Ek as der gjin oare partijen mear troffen wurde.

Net goed foar it fertrouwen

De measte ierpels wurde eksportearre en in brúnrotbesmetting is net goed foar it fertrouwen yn de Fryske ierpels.

De measte boeren binne wol fersekere tsjin in brúnrotbesmetting. Dy fersekering is yn it libben roppen om foar te kommen dat boeren it stil hâlde soene om't se benaud binne foar de skea.

Trefwurden: 
NVWA brúnrot besmetting
(advertinsje)