Gemeente Waadhoeke hie dizze simmer 1.200 arbeidsmigranten oan it wurk

26 okt 2018 - 20:21

Yn gemeente de Waadhoeke wurken fan it simmer sa'n 1.200 arbeidsmigranten. Dat seit de gemeente nei oanlieding fan fragen fan FNP en VVD oer húsfêsting fan arbeidsmigranten. De gemeente komt ta it oantal op basis fan petearen mei twa grutte útstjoerburo's.

Foto: simone scheffer

Mooglik giet it om noch mear migranten, om't guon ek fia lytstere bedriuwen wurkje. Hoefolle fan har ek yn de gemeente wenje is net bekend, om't net elkenien him ynskriuwt yn de gemeente.

Op 1 july 2018 stiene der 586 persoanen ynskreaun út Midden- en East-Europeeske lannen. Hoe't de ferdieling fan de migranten is oer de gemeente is net bekend by it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

By de gemeente binne sân meldingen binnenkommen fan yllegale bewenning. In tal fan dy meldingen giet oer itselde hûs.

(advertinsje)