Drachtster, dy't namme fan 'oanfaller' op Facebook sette, frijsprutsen fan laster

26 okt 2018 - 19:53

De rjochter hat in 48-jierrige ynwenster fan Drachten frijsprutsen fan laster. De frou sette begjin 2015 de namme fan in man op Facebook, fan wa't se tocht dat dy har soan oanfallen hie. De plysje hie har twa kear tasein dat sy dêrmei neat strafbers die. De rjochter fynt dat sy der dêrom op fertrouwe mocht dat it Iepenbier Ministearje har net ferfolgje soe.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De soan fan de Drachtster is befeiliger en waard yn jannewaris oanfallen op de Kaden yn Drachten wylst hy yn in auto siet. De soan krige glês yn syn eagen en skrammen. De frou wie benaud foar de feiligens fan har soan. Se woe dat bekend waard wa't de oanfaller wie, sadat hy tenei mear op syn hoede wêze soe. Fia social media kaam sy achter de 'vermeende' dieder. Har soan koe de man werom, mar de plysje woe net yn aksje komme. Mar sy krige wol grien ljocht om in Facebookberjocht te pleatsen en dat die se dus.

De offisier fan justysje fynt dat de frou dêrmei de namme fan de man oantaaste hie. Dat fûn de rjochter net.

(advertinsje)
(advertinsje)