'Skânskuorren' foar sportfiskers by Koatstertille yn gebrûk nommen

Sportfiskers krije noch mear romte oan it Prinses Margrietkanaal by Koatstertille. Oan de noardkant fan de brêge leit al in grut tal fiskstegers, oan de oare kant binne freed nochris 44 saneamde 'skâns-kuorren' troch Sportfiskerij Fryslân yn gebrûk naam. Dat binne metalen kuorren fol mei stiennen, dy't de sportfisker de mooglikheid biedt fuort oan it wetter in fiskplakje te finen.
skâns-kuorren PM-kanaal Koatstertille © Omrop Fryslân, René Koster
It wetter by de brêge is in gaadlik stekje foar sportfiskers en der wurde dan ek geregeld fiskwedstriden organisearre, lykas sneon fuort al it Nederlânsk kampioenskip teamfiskjen.
De oanlis is mei mooglik makke troch Rykswettersteat, de gemeente Achtkarspelen en in bydrage út it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje Fryslân.
Ferslachjouwer René Koster seach yn Koatstertille
'skâns-koer' foar fiskers by PM-kanaal Koatstertille © Omrop Fryslân, René Koster