Jorrit Bergsma is njonken reedrider no ek fulltime heit

26 okt 2018 - 19:02

It reedrydseizoen begjint takom wike mei it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai yn Thialf. Der hawwe nochal wat wikselingen west en der binne nije ploegen by kaam. Dêrom litte we jimme yn de oanrin nei it kommende seizoen alle dagen yn 'e kunde komme mei ien fan de Fryske reedriders. Hjoed is dat Jorrit Bergsma.

Jorrit, hoe is de earste wike befallen as heit?

"Ja, wol goed! It wie wol efkes wenne, want je hawwe der ynienen in ferantwurdlikheid by. Dêr giet efkes wat mear tiid yn sitten mei wat koartere nachtsjes, mar dat moat syn draai efkes fine. Ik bin der wol wiis mei!"

Sitst ek noch op dy blauwe wolk?

"Ja, ik bin echt hiel grutsk op dit lytse mantsje. Der rinne noch wol ris wat saken mis, mar by my kin neat mear stikken."

Brent is ek wol goed pland he, sa krekt foar it seizoen?

"Ja, sis dat wol. Hy is krekt wat earder kaam as de datum dat er útrekkene wie. Hy soe midden yn it seizoen komme, mar no sit er der krekt foar. Dat jout krekt wat mear romte."

Hoe hawwe jim it regele, want do bist daliks faak fuort?

"Heather hat sels reedrider west en se wit hoe't it libben is. It riden is ek gewoan myn wurk dus dat begrypt se wol. It sil wol wat dreger wêze om fan hûs te gean, want ik moat myn frou en lytse jonkje efterlitte. Mar dat heart der by. Ik sil wol wat faker Facetime om de lytse te sjen."

Foto: OrangePictures.nl

Wat dogge jim dit seizoen oars kwa reedriden?

"Wy dogge it net hiel bot oars. We bliuwe wol wat mear thús, sa slaan wy de earste twa wrâldbekers oer. Dat dogge wy sadat wy wat mear maratons hjir yn Nederlân ride kinne."

Wêrom?

"Yn it Olympysk seizoen hawwe wy in soad ûnderweis west en hawwe wy in soad trainingskampen hân. No is it krekt wat relaxter en kinne wy wat mear ta rêst komme. Fansels wolle wy wol prestearje op it iis, mar it is wol krekt wat relaxter."

Wat binne dyn doelen dit seizoen?

"It WK ôfstannen is altyd in doel foar my. It is altyd hiel moai om de kâns te krijen om wrâldkampioen te wurden. Dêr gean ik graach foar."

Op de 5 en de 10 kilometer?

"Ja! En ik wol de maratons en de wrâldbekers goed ride, mar de pyk leit wol by it WK ôfstannen."

Hoe hat dyn simmer west?

"It koe better. In part wie goed, in oar diel wie kwakkeljen. Mar it giet no wol lekker. Ik bin net ûntefreden oer de wedstriden dy't ik riden haw. Oer in wike hawwe wy it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai. Dan sjogge wy echt hoe't we derfoar stean."

Team easyJet bestiet út de folgjende Fryske reedriders:

  • Jorrit Bergsma (Aldeboarn)
  • Bob de Vries (De Haule)
  • Arjan Stroetinga (Wynjewâld)
  • Carien Kleibeuker (It Hearrenfean)
  • Marijke Groenewoud (Hallum)
  • Tjerk de Boer (Weidum)

Oare riders binne:

  • Erik Jan Kooiman
  • Evert Hoolwerf
  • Irene Schouten
  • Simon Schouten
  • Elisa Dul
  • Lex Dijstra
  • Thomas Geerdink
(advertinsje)