Spesjaal bankje foar bewenners Talant Boalsert

Teätermakker Tjerk Ridder fan Utrecht en syn ezel Lodewijk hawwe in spesjaal bankje skonken oan de bewenners fan Talant yn Boalsert.
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Tjerk makke dizze simmer in tocht troch ûnder mear Fryslân tegearre mei syn ezel. Alle dagen wer moasten se in nij sliepplak fine. Se hawwe ek in nacht trochbrocht by Talant yn Boalsert. Hy fûn dit sa bysûnder. "Het mooie was dat mensen met een beperking en oudere mensen hier samen wonen", fertelt Ridder. "We hebben tot 's avonds laat gezellig met z'n allen buiten gezeten."
Tjerk hat in spesjaal bankje skonken sadat minsken faker mei-inoar sitte kinne. It bankje is makke fan in beam út Utrecht troch de stichting Tafelboom.
Yn totaal hat Tjerk Ridder 1200 kilometer rûn mei syn esel, fan Parys nei Grins. Dizze tocht hat de ynspiraasje west foar syn nije teätersjo 'Bonne Route' wêrmei't hy troch Nederlân reiziget.