Antoinette de Jong: "Ik wol gewoan fan dat tredde plak ôf"

Noch hiel even en dan set it nije reedrydseizoen útein. Takom wike binne de kwalifikaasjewedstriden foar de earste wrâldbekerwedstriden. Der is nochal wat feroare, mei nije sponsornammen. En hjir en dêr ek riders dy't de oerstap makke ha nei in oare ploech. Sa rydt Antoinette de Jong dit seizoen foar Team LottoNL-Jumbo.
Reedrydseizoen set hast útein
En der binne mear feroaringen by de froulju: Yvonne Nauta is kopfrou fan Gewest Fryslân en ek Olympysk shorttrackkampioen Suzanne Schulting komt dit seizoen yn aksje op de langebaan.
Yn Fryslân Hjoed seach Antoinette de Jong freed foarút op it nije seizoen. Har doelstelling is dúdlik: "Ik wol gewoan fan dat tredde plak ôf. Ik kom der de hiele tiid wer op. It is moai datst op it poadium stiest, mar op in gegeven momint wolst heger."
Ek Geert Kuiper, tsjintwurdich technysk adviseur fan de Kanadezen, en sjoernalist Jaap Stalenburg skoden oan.