Johannes Kramer kandidaat-listlûker FNP; Sijbe Knol heechste nijkommer op de list

26 okt 2018 - 17:44

Deputearre Johannes Kramer fan Sibrandabuorren wurdt nei alle gedachten de FNP-listlûker by de Steateferkiezingen fan maart takommend jier. Kramer stiet as earste op de advyslist fan de partij, folge troch fraksjefoarsitter Corlienke de Jong fan Jutryp. Heechste nijkommer op de list is de 27-jierrige Sijbe Knol fan Sint-Anne.

Johannes Kramer - Foto: Omrop Fryslân

Knol is no riedslid yn de gemeente Waadhoeke en moat foar de nedige ferjonging soargje. Steatelid Sybren Posthumus stiet op it fjirde plak. De FNP hat op dit stuit fjouwer sitten yn Provinsjale Steaten.

De list is noch net definityf. De leden moatte harren op 23 novimber noch oer de list útsprekke. De FNP wiisde al earder boargemaster Gerben Gerbrandy oan as kandidaat-senator. De kandidatelist foar de Wetterskipsferkiezingen wurdt oanfierd troch Bram Bonnema.

(advertinsje)
(advertinsje)