Ynstjoering oer jonge Fryske fersetsstrider fan Tresoar makket kâns op skiednispriis

26 okt 2018 - 17:37

Histoarysk argyf Tresoar yn Ljouwert makket kâns op de titel yn de publyksferkiezing Stuk van het Jaar, yn it ramt fan de moanne fan de skiednis yn oktober. Mei in bysûndere ynstjoering oer de jonge fersetsstrider Folkert Bergsma is yn alle gefallen de top trije helle.

Foto: Omrop Fryslân

Mei de neilittenskip fan de jonge fersetsstrider docht Tresoar, yn gearwurking mei it Frysk Fersetsmuseum, mei oan de ferkiezing. Sneontejûn wurdt de winner fan Stuk van het Jaar bekend makke yn it Rijksmuseum yn Amsterdam.

Folkert Bergsma

Yn febrewaris 1944 waard de tweintichjierrige Folkert Bergsma fusillearre troch de Dútske besetter, fanwegen syn rol yn in fersetsgroep yn Seisbierrum. Dizze moanne wurdt fia social media en de webside fan Tresoar it ferhaal fan Bergsma ferteld.

Marre Sloots fan Tresoar fertelt yn Weistra op wei oer de ferkiezing

(advertinsje)