Warkumer Keamer kin dochs yn Warkum bliuwe

26 okt 2018 - 17:33

De Warkumer Keamer bliuwt yn Warkum. No stiet de Warkumer Keamer noch yn it Museum voor Kerkelijke Kunst yn Warkum, mar dat museum hat de doarren ûndertusken sletten. De keamer soe oerbrocht wurde nei it Fries Museum, mar in aksje hat derfoar soarge dat de keamer dochs yn Warkum bliuwt.

De keamer fynt in plakje op de twadde ferdjipping fan it eardere stedhûs fan Warkum. Troch ferskate finansjele bydragen is der 90.000 euro op it kleed kaam, sadat it behâld fan de keamer foar Warkum realisearre wurde koe.

Makke fanwege berte soan

Dy keamer is ferneamd yn Warkum en omkriten en is om 1780 hinne makke ta gelegenheid fan de berte fan Albert Lieuwes Potma. Syn âlden wienen sa bliid mei syn berte, neidat sy trije bern oan de tyfus ferlern hienen, dat sy de keamer meitsje litten hawwe.

De Warkumer Keamer is ek bysûnder omdat de bekende keunstner Tjipke Vissser der berne is. As de keamer op de nije lokaasje delset is, binne der plannen om op deselde lokaasje ek in eksposysje yn te rjochtsjen oer oarloch en ferset en ek in eksposysje oer Warkumer ynterieurs.

(advertinsje)