UPDATE: A31 tusken Frjentsjer en Dronryp wer frijjûn

De A31 tusken Frjentsjer en Dronryp is wer iepen foar ferkear. De dyk wie ticht nei meardere ûngelokken. Nei it earste ûngelok lei der modder op de dyk. Doe't dat skjinmakke waard, klapte der in auto op de wein fan Rykswettersteat. Dêrom wie de flechtstreek ek ticht.
Ungelok op A31 © Robert Jan Boonstra

File

De file begûn oan de westkant fan Frjentsjer en wie sa'n fiif kilometer lang.
Rykswettersteat hie in omlieding ynsteld, om de file net langer wurde te litten. Ferkear dat nei Ljouwert ta woe, moast dan fia Surch oer de A7 en de A32 ride.