Feanster stel easket jild foar ûnbewenber hûs

26 okt 2018 - 17:00

It Feanster stel dat ferline wike har hûs út moast fanwege ynstoartingsgefaar easkje de oankeapsom en it jild dat se ynvestearre hawwe, werom fan de foarige eigener. De advokaat hat de man yn in brief frege om uterlik sneon, 170.000 euro oan de dupearre hûseigeners te beteljen.

Foto: CAMJO Media

Ofrûne simmer is it stel nei de wenning ferhûze, mar doe't sy koartlyn op de souder oan it klussen wiene ûntdutsen sy dat der brân west hat yn de wenning. Nei de brân, dy't desennialyn plakfûn hat, is de kapkonstruksje sa bot oantaaste dat der ynstoartingsgefaar wie. Doe't de bewenners melding diene by de brânwacht en de gemeente is de wenning fuort ûnbewenber ferklearre troch de gemeente.

Foto: CAMJO Media

De eigeners fan de wenning hawwe in advokaat yn de earm naam dy't no stelt dat de keapoerienkomst net stân hâlde kin, ûnder oare om't de eardere eigener neffens de bewenners wist dat der brân west hie yn de wenning. Mei it ferneatigjen fan de keapoerienkomst moatte de bewenners neffens har advokaat 170.000 euro krije fan de hjoeddeistige eigener.

(advertinsje)