Olde Riekerink: "Wij moeten AZ in ieder geval aankunnen"

26 okt 2018 - 16:28

"We moeten in principe het niveau van AZ minimaal aankunnen. Met ze kunnen wedijveren. Dat is onze doelstelling dit seizoen." Hearrenfean-trainer Jan Olde Riekerink sjocht foarút nei de wedstriid tsjin AZ. Hearrenfean spilet snein om 16.45 oere yn Alkmaar tsjin de nûmer seis fan de earedifyzje.

AZ liket dit jier wat minder, benammen omdat se Wout Weghorst en Alireza Jahanbakhsh kwyt binne. "Toch denk ik dat AZ gewoon weer in de top van de subtop zal eindigen. Het is daar al tijden stabiel, qua selectie en trainers", seit Olde Riekerink. "Maar ik vind wel dat we mee moeten kunnen doen met dat niveau. Waar ik dat op baseer? Op de kwaliteit van de spelers."

Ren Rienstra: "Mijn zoon is nu gelukkig helemaal in orde"

Ben Rienstra kaam heal augustus nei Sportklup Hearrenfean en fielt him dêr goed thús. "Het klopt wel wat ze zeggen. Willem II was bijna extreem familiair, maar hier is het ook gemoedelijk."

Rienstra waard yn febrewaris heit fan in dochter. Yn 2017 wie syn soan twa jier en waard hy slim siik. It wie sels libbensbedriigjend. "Maar het gaat nu erg goed. Hij had een auto-immuunziekte, maar daar heeft-ie helemaal geen last meer van en het moet in principe ook niet weer terug komen."

Ben Rienstra gong dêrtroch wol oars tsjin it libben oansjen. "Het verandert veel. Zo wilde ik graag naar het buitenland, maar daar ben ik toch wel anders naar gaan kijken. Ik kon naar landen als Israël, Cyprus en Turkije, maar nu denk ik: zo is het ook goed."

Stijn Schaars en de blessueren

Stijn Schaars is noch hieltyd blessearre, mar stiet yntusken al wol wer op it fjild en trapet tsjin in bal. Olde Riekerink: "We moeten bij Stijn alleen kijken naar de korte termijn. Maar het is wel goed om te zien dat-ie weer tegen een bal kan trappen. Nog niet zo heel lang geleden was hardlopen nog lastig."

Doke Schmidt is ek noch blessearre. Jordy Bruijn slút wol wer oan by de seleksje, krekt as keeper Jan Bekkema. Mitchell van Bergen hie lêst fan syn rêch en hat allinnich freed meitraind.

Wierskynlike opstelling: Hahn; Floranus, Høegh, Bulthuis, Pierie; Rienstra, Thorsby, Vlap; Kobayashi, Lammers en Zeneli.

De wedstriid AZ - Hearrenfean wurdt snein live útstjoerd by Omrop Fryslân Radio. Kommentator is Roelof de Vries.

(advertinsje)