Te min kninen om mei te fokken op Skiermûntseach

26 okt 2018 - 16:06

Der libje noch mar 150 oant 300 kninen op Skiermûntseach. Dat docht bliken út ûndersyk. Dêrtroch kinne plannen om mei de besteande populaasje te fokken net trochgean. It risiko op yntylt is te grut. Dochs wol natuerbehearder Natuurmonumenten mear kninen op it eilân hawwe. Sy hearre by it Waadeilân, mar binne ek hiel wichtich foar de natoer op it eilân.

Der sitte noch mar 150 oant 300 kninen yn Nasjonaal Park Skiermûntseach - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

De iennichste oplossing liket it ymportearjen fan kninen fan de fêste wâl te wêzen. Mar tusken it eilân en dy fêste wâl sit net allinnich in see, mar ek in grutte burokratyske hobbel: foar elts knyn moat in aparte fergunning oanfrege wurde en it giet om sa'n 200 stik dêr't Natuurmonumenten mei fokke wol.

Dat it mei de betide kninen sa min giet, komt foaral troch sykte.

(advertinsje)