Amerikanen wol Hearrenfean-spiler Kik Pierie ha

26 okt 2018 - 15:22

It Amerikaanske fuotbalbûn hat kontakt opnommen mei Kik Pierie. Se wolle dat de ferdigener fan SC Hearrenfean foar it nasjonale fuotbalteam fan Amearika útkomt.

Foto: www.orange-pictures.nl

Dat sit sa: de 18-jierrige Ljouwerter waard berne yn de Amerikaanske stêd Boston. Dêr wie syn heit, âld-hockeyinternational Jean-Pierre Pierie, in jier lang sjirurch by it sikehûs fan de Harvard-universiteit.

Omdat Kik Pierie berne waard yn Boston, mei er ek foar it nasjonale fuotbalteam fan Amearika spylje, ek al hat er al foar Nederlânske jeugdteams spile. "Maar ik kan er verder niets over zeggen", seit er.

Kik Pierie as oanfierder fan Oranje ûnder 19 - Foto: www.orange-pictures.nl
(advertinsje)