Boete foar Arumer drankrider dy't ûngelok feroarsake om pakje sjek

26 okt 2018 - 14:58

In man út Arum hat in boete fan 1400 euro krigen omdat er mei drank op in ûngelok feroarsake hat. Boppedat wie syn auto net fersekere. De man wie op de grutte dyk by Hjerbeam mei syn auto tsjin de auto foar him riden. De man seit dat syn pakje sjek op de flier fallen wie wylst er de auto foar him oan it ynheljen wie.

Justysje - Foto: Shutterstock.com

De Arumer hie goed trije kear mear dronken as dat wetlik tastien is. Hy hie de autofersekering net betelle, omdat er finansjele problemen hie. Dat soe yntusken oplost wêze.

De offisier fan justysje hie neist de boete ek in rydûntsizzing easkje wollen. Mar omdat de fertochte dan syn baan kwytreitsje soe, seach er dêrfan ôf. Hy easke wol in rydûntsizzing ûnder betingst en in boete fan 1400 euro. De rjochter naam dy eask oer.

Trefwurden: 
drank boete rjochter Arum
(advertinsje)