Freedsmerk oer de wintertiid: "Hâld op mei dat gepiel"

26 okt 2018 - 13:42

We sette de klok kommende snein foarút. Nee, achterút. En dan kinne we in oerke langer sliepe. Of koarter. Hoe sit it no? As it oan Europa leit, binne wy ynkoarten fan dat gedoch ôf. Wy moatte kieze foar in fêste simmer- of wintertiid. Mar welke tiid moat it dan wurde? Wy fregen it op de freedsmerk.

12 oere - Foto: Shutterstock.com

It fersetten fan de klok by winter- en simmertiid bliuwt in punt fan diskusje. Moat der no foar of krekt efterút? En kinne je dan in oerke langer sliepe of duorret de nacht krekt koarter? Op de freedsmerk ûntstie der al rap betizing by ferskate minsken.

"Ik kin net wachtsje oant it wer april is", seit immen, mar ek hearden wy: "Ik word er moe en geprikkeld van. Het ontregelt me". Oaren makke it wer neat út: "Ik bin der samar wer oan wend".

Fêstsette dy tiid!

Ferkeaper op de freedsmerk

Nei ferskate pogingen kaam de tasseman der noch hieltyd net út wat er sneontenacht dwaan moat. In kollega hie de oplossing: "Fêstsette dy tiid. Makket my net út oft dat simmer- of wintertiid is, mar set 'm fêst en hâld op mei dat gepiel!"

Reaksjes op de freedsmerk oer de wintertiid

Trefwurden: 
freedsmerk wintertiid
(advertinsje)