Bokser Farshid Bos wol nei de Olympyske Spelen

26 okt 2018 - 13:42

Boksklup Frisia bestiet dizze wike 85 jier. De swiid ferneamde Ljouwerter feriening mei bekende boksers as Lolle van Houten en Rudi Koopmans fiert dat mei in boksgala yn Zalen Schaaf yn Ljouwert. Under oare Peter Müllenberg komt foar in wedstriid. Müllenberg hat yn 2016 meidien oan de Olympyske Spelen foar Nederlân. Ek Piet Rozendaal is ferneamd en berucht yn de bokswrâld. Hy is coach by Frisia. Ien fan syn pupillen is Farshid Bos, 17 jier en in grut talint.

Farshid Bos by de nasjonale seleksje

Bos waard earder al Noard-Nederlânsk kampioen yn de leeftiidklassen oant 15 en 18 jier. Yn juny bokste er tsjin Luuk Elzinga út Steenbergen om de Nederlânske titel yn de klasse oant 60 kilo. Hy ferlear op punten mei 3-0. "Daarom heb ik gevraagd om weer tegen hem te boksen. Dit keer win ik. Honderd procent." Bos bokst sneontejûn yn Zalen Schaaf yn Ljouwert tsjin Elzinga.

BAV Frisia bestiet 85 jier

"Trots, su trots. Trots, trots, trots. Ik ken niet útlegge hoe trots ik bin." Piet Rozendaal is trainer fan Farshid en trainer fan Frisia. Hy is eins syn hiele libben al aktyf by Frisia. "Dit is myn leven. Ik vind it su moai om te werken met jongens die boksen als hun passy hewwe."

Om it 85-jierrige bestean te fieren, is der sneon in boksgala yn Zalen Schaaf yn Ljouwert. Dêr is de haadpartij de wedstriid tusken Peter Müllenberg en Kilat Hallie yn de klasse swiergewicht. Müllenberg stie yn 2016 op de Olympyske Spelen.

boksgala 85 jier - Foto: www.bav-frisia.nl

Omrop Fryslân hat de 'Wedstriid fan de wike'. Alle wiken stiet op radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)