Tjongerskâns en De Friesland krije soad fragen oer fallisemint IJsselmeerziekenhuizen

De gefolgen fan it fallisemint fan de IJsselmeerziekenhuizen binne ek te fernimmen yn de Fryske soarchwrâld. Sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean hat it sûnt tongersdei drokker krigen, benammen op de ôfdielingen spoedeaskjende help en akute ferloskunde. It sikehûs wurdt sûnt dizze wike faker belle troch pasjinten út de Flevopolder, mei de fraach oft se op It Hearrenfean telâne kinne.
© ANP Foto
Sikehûs De Tjongerskâns ferwachtet de drokte foarearst wol oan te kinnen mei de besteande kapasiteit. Mooglik moat der wol opskaald wurde. It sikehûs oerleit alles mei de belutsen soarchfersekerders en de oare Fryske sikehûzen.

"Schrijnende situatie"

Wurdfierder Daan van den Broek fan De Tjongerskâns neamt it "schrijnend" dat it sikehûs op It Hearrenfean de lêste dagen ek sollisitaasjebrieven krigen hat fan meiwurkers dy't yn de Flevopolder harren baan ferlieze. It sikehûs wol mei dizze minsken om tafel om te sjen wat de mooglikheden binne.

De Friesland

Ek by soarchfersekerder De Friesland binne oant no ta tsientallen telefoantsjes binnenkaam fan minsken mei fragen oer it fallisemint fan de IJsselmeerziekenhuizen. Neffens De Friesland gean alle ôfspraken dy't al ynpland binne wol gewoan troch.

Krisisteam

Foar nije ôfspraken kinne pasjïnten terjochte by it krisisteam fan de sikehûzen en fersekerder Zilveren Kruis. Komme dy der net út, dan kin De Friesland oan wachtlistbemiddeling by oare sikehûzen dwaan. Ut de kontakten dy't De Friesland mei de Fryske sikehûzen hat, lûkt de fersekerder de konklúzje dat de sikehûzen yn ús provinsje finansjeel sûn binne.

Antonius Snits

De Antonius Zorggroep yn Snits joech earder al oan dat se tinke dat se it drokker krije, benammen by de festiging yn Emmeloord.