Nei 17 jier foar it lêst "Meitsje der wat moais fan!"

"Meitsje der wat moais fan!" It is de útdrukking dêr't radiopresintator Joline Dalstra miskien noch wol it meast bekend fan is. It is har ferzje fan 'Oant moarn', dy't se brûkte oan de ein fan alle radio-útstjoeringen dy't se by Omrop Fryslân presintearre. Nei 17 jier hat se freedtemoarn lykwols foar it lêst dizze wurden live op 92.2FM sein. Se sil oan de slach by de kollega's fan RTL Nieuws. "Ik sit hjir wol wat mei in dûbeld gefoel."
© Omrop Fryslan
De fakatuere by RTL kaam yn septimber op har paad, en dat wie foar Joline nei 17 jier by de Omrop presys it goeie momint. "Oars bliuwst yn dyn feilige kokon sitten." Dochs wie it freed net maklik om foar de lêste kear efter de Omrop-mikrofoan te krûpen. "Ik seach der bot tsjinop moat ik earlik tajaan", sa fertelt se nei't de útstjoering klear is.
Ik sil benammen de belutsenens fan de harkers misse.
Joline Dalstra
"It is nochal in beslút nei 17 jier by itselde bedriuw. Ik sil benammen de belutsenens fan de harkers misse. Ik krige yn de rin fan de jierren allerhanne reaksjes fan de minsken thús: kaartsjes, mails en telefoantsjes." Ek har slotwurden by de útstjoering soargen foar reaksjes. "Ik krige in pear jier lyn in kaartsje fan in frou dy't sei dat myn wurden har troch de dei holpen, dat is dochs prachtich!"

Net te braaf

De stap nei RTL is foar Joline in logyske. Se wennet op De Lemmer en is dus like fluch yn Hilversum as yn Ljouwert. Dêrnjonken past de kommersjele stjoerder goed by har. "Nim bygelyks mei Prinsjesdei. Dan soest ferwachtsje dat dêrmei iepene wurdt, mar RTL kaam yn plak dêrfan mei in eigen nijsferhaal, oer sinnepanielen dy't yn de brân fleagen. Dat fyn ik moai, net te braaf of te kreas."

Ontbijtnieuws

De radio-presintator sil yn Hilversum oan it wurk as buroredakteur binnenlân. Yn dizze funksje sil se ôfspraken meitsje foar ferslachjouwers en items foar alle nijsútstjoeringen gearstalle. Dit betsjut dat se dus net mear te hearren of te sjen wêze sil. Op de fraach oft se miskien ea it RTL Nieuws, Editie NL of it Ontbijtnieuws presintearje sil, moat se laitsje. "Doch dan mar it Ontbijtnieuws, ik bin dochs al wend om betiid fan bêd te gean foar Fryslân fan 'e moarn."
De dei dat de moardner fan Marianne Vaatstra fûn waard, is myn meast yndrukwekkende dei.
Joline Dalstra
Nei 17 jier Omrop Fryslân hat Joline it Fryske publyk tûzenen ferhalen ferteld, dochs is der ien dy't der foar har útspringt. "De dei dat de moardner fan Marianne Vaatstra fûn waard, dat is foar my de meast yndrukwekkende dei fan myn Omrop karriêre." Yn dizze útstjoering, dy't se sels presintearre, slagge it om yn koarte tiid alle haadrolspilers yn de útstjoering te krijen. "Dat der nei sa'n lange tiid einliks in antwurd wie op de fraach dy't ús provinsje sa bot yn de besnijing hâlden hat, dat hat yndruk makke."

Positiviteit as motivaasje

De Omrop hat de lêste tiid in tal kear minder posityf yn it nijs west. Dochs wol Joline mei klam sizze dat dizze ûnrêst gjin reden west hat om nei RTL te ferhûzjen. "Dan soe de motivaasje negatyf wêze en dat is nea in goed útgongspunt foar sa'n feroaring. Dêrnjonken is yn alle organisaasjes wol wat oan de hân." Neffens Joline hawwe minsken sa út en troch ek te rap har oardiel klear. "It giet my oan it hert as ik sjoch dat der troch guon sa negatyf oer de Omrop skreaun en praat wurdt."

Bliuw yn petear

Se pleitet derfoar om foaral mei de ferslachjouwers en oare meiwurkers yn petear te bliuwen en hat dan ek in lêste oprop foar har harkers. "Lit hearre wat jim fine, wat der goed giet en wat miskien oars kin. Mar doch it wol altyd opbouwend en mei positiviteit as útgongspunt."
En dat is miskien wol de bêste gearfetting fan Joline Dalstra as kollega: positiviteit foarop! It giet dy goed by RTL. Meitsje der wat moais fan!
Harkje nei it radio-ôfskie fan Joline Dalstra