Wenningkorporaasje: "Lit tsjinlûd hearre oer húsfesting arbeidsmigranten"

26 okt 2018 - 11:50

Wenningkorporaasje Wonen Noord West Friesland ropt alle doarpsbelangen yn de gemeente Waadhoeke op om nei de ynspraakbyienkomst te kommen oer de hûsfesting foar arbeidsmigranten. Op woansdei 31 oktober is der yn it gemeentehûs yn Frjentsjer in gearkomste oer de notysje 'Beleidsontwikkeling voor de huisvesting van arbeidsmigranten in de gemeente Waadhoeke'.

Foto: Omrop Fryslân

Dizze notysje is opsteld troch in breed gearstalde wurkgroep, mei ûnder oaren doarpsbelang Easterbierrum/Seisbierrum/Pitersbierrum, fakbûnen, de gemeente en wenningkorporaasje Noord West Friesland. Doel is om de problematyk fan it ferhieren fan keamers oan arbeidsmigranten sa breed mooglik oan te pakken.

Tsjinlûd hearre litte

Wenningkorporaasje Wonen Noord West Friesland hat no in brief stjoerd oan alle doarpsbelangen yn de gemeente. Dêryn skriuwt de wenningkorporaasje it folgjende: "Het idee van de werkgroep is dat heel veel dorpen zich nog niet realiseren wat de impact kan zijn van de toename van kamergewijze verhuur aan abeidsmigranten in hun dorpen. Toch is dit het moment om een tegengeluid te laten horen."

Oan de belle lûke

Doarpsbelang Easterbierrum luts yn de maitiid al oan de belle, om't sy fan miening binne dat de ferhier fan keamers "de sociale structuur (leefbaarheid) ontwrichtte". Nei oanlieding fan dat berjocht is de brede wurkgroep oprjochte.

Willem Seepma fan wenningkorporaasje Wonen Noord West Friesland

(advertinsje)