Epke Zonderland moat oare turners foargean litte yn WK-kwalifikaasje

26 okt 2018 - 11:26

Epke Zonderland hat net langer de heechste skoare oan de rekstôk yn de kwalifikaasjes by it WK turnjen yn Doha. De Amearikaan Samuel Mikulak en de Japanner Kohei Uchimura hellen beiden hegere skoares. Epke helle tongersdei in skoare fan 14,400.

Foto: www.orange-pictures.nl

Mei noch fjouwer startgroepen te gean, liket Zonderland aardich wis fan in plak yn de rekstôk-finale. Freedtejûn om njoggen oere is dúdlik hokker turners harren definityf foar de finales pleatst hawwe.

(advertinsje)