Kinne jagers it ferskil sjen tusken wylde katten en hûskatten?

Wendie Hol út Mûntsjesyl is de ôfrûne twa jier al twa katten ferlern trochdat se deasketten binne. Neffens har is dat it wurk fan jagers: "Niemand hier in de buurt heeft een hekel aan katten." Jagers meie yn Fryslân en Utrecht op wylde katten jeie, mar Wendie leaut net dat jagers sjen kinne wannear't in kat ferwyldere is of gewoan in lyts ein fan hûs is.
Kinne jagers it ferskil tusken wylde en hûskatten sjen?
Dizze simmer fûn Wendie sa'n tweintich meter efter har hûs ien fan har katten, deasketten. Foarich jier oerkaam har dat ek al ris, sa'n 50 meter fierderop. Se hat no thús noch njoggen katten, mar fangt mei har katte-opfang Bastet noch 187 ferwyldere katten op. It ferskil tusken hûskatten en de ferwylderde bisten is meastentiids hast net te sjen. "Sommige katten zijn buiten heel schuchter en 'wild', maar eenmaal binnen zijn ze hartstikke lief en aanhankelijk", sa fertelt Wendie.
Voor elke tien die je neerschiet, vullen tien anderen die ruimte weer in.
Wendie Hol fan katte-opfang Bastet
Der binne wol tefolle wylde katten yn Fryslân, jout Wendie ta. Mar de bisten ôfsjitte is neffens har net de oplossing. "Voor elke tien die je neerschiet, vullen tien anderen die ruimte weer in. Dan schiet je ze alleen maar af voor het plezier."

Kastrearje en sterilisearje

It iennige dat helpt, is kastrearje en sterilisearje. Dan kinne de ferwyldere bisten neffens har sels wer werom de natoer yn. Of, as se foar tefolle oerlêst soargje, moatte se in nij plak krije by bygelyks boeren. Dan is jeie ek net mear nedich en wurde der ek net by fersin hûskatten deasketten.
Wendie mei ien fan de 187 katten yn har opfang © Jeroen Boersma, Omrop Fryslân
It deasjitten fan wylde katten en hûskatten wie earder dizze wike al reden foar Stichting Zwerfkatten Nederland om te ûndersykjen hoe faak dat bart.