Dongeradiel krijt foar twa moannen Magda Berndsen as boargemaster

Dongeradiel hâldt op 1 jannewaris op te bestean, mar dochs krijt de gemeente mei Magda Berndsen in tydlike boargemaster. Berndsen is troch kommissaris fan de Kening Arno Brok beneamd ta waarnimmend boargemaster fan de gemeente. Sy folget tydlik Marga Waanders op, dy't boargemaster wurden is fan de gemeente Waadhoeke.
© Gemeente Dongeradiel
De beneaming fan Berndsen duorret oant 1 jannewaris 2019. Dan giet de gemeente Dongeradiel tegearre mei Ferwerderadiel en Kollumerlân op yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân. Foar dy nije gemeente moat neffens kommissaris Arno Brok in boargemaster fan bûten komme. It is dêrmei útsluten dat Berndsen nei 1 jannewaris trochskoot nei de nije gemeente, om't se yn Ferwerderadiel wennet.
Berndsen wie fan 1 jannewaris oant 27 septimber dit jier waarnimmend boargemaster fan Súdwest-Fryslân. Earder wie se boargemaster fan de gemeenten Obdam en Beverwijk en korpssjef fan de plysje yn Fryslân.