Sjongende man hâldt plysje yn Ljouwert oan it wurk

26 okt 2018 - 09:40

In bewenner fan in hûs oan de Curaçaostrjitte yn Ljouwert hat de plysje yn de nacht fan tongersdei op freed flink dwaande hâlden. De man hie yn de lytse oerkes de muzyk lûd oan stean en song boppedat sels fanatyk mei. Syn nachtlik optreden waard net wurdearre troch syn buorlju, dy't de plysje bellen.

Foto: ANP Foto

Doe't de plysje lânskaam en him traktearre op in boete song er 'een toontje lager'. De man krige in proses-ferbaal foar it feroarsaken fan lûdsoerlêst, om't er earder ek al warskôge wie.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(advertinsje)