"De app 'Too good to go' werkt als een trein"

26 okt 2018 - 09:05

"Het loopt als een trein!" Dat seit Matthijs Faassens fan supermerk Spar City Ljouwert oan de Wirdumerdyk as reaksje op it gebrûk fan de app Too good to go. Mei dizze app kinne hoarekasaken en winkels har restjes iten kwyt oan klanten. De Spar yn Ljouwert is ien fan de earste supermerken yn Fryslân dy't de app brûkt. "Alle pakketjes zijn tot nog toe iedere dag uitverkocht."

Yn njoggen lannen wurdt de app brûkt. Hy bestiet al folle langer yn Nederlân, mar is sûnt koart ek yn Fryslân yn gebrûk. Faassens is tige entûsjast oer it middel om it fuortsmiten fan iten tsjin te gean. "De app heeft drie belangrijke voordelen. Je helpt de medemens er mee, je vermindert je afval en je voorkomt voedselverspilling. Voor ons reden om ook mee te doen. Als supermarkt heb je een verantwoordelijkheid om verspilling tegen te gaan."

Ferrassende pakketsjes

Eltse wike wurdt der yn de Spar foar goed 700 euro oan guod fuortsmiten dat net mear ferkocht wurde mei fanwege de 'ten minste houdbaar tot'-datum. "Van al deze producten maken wij pakketjes die klanten op de dag van de tht-datum op kunnen halen", leit Faassens út. "Zo krijgen ze een verrassing thuis van groente, vlees en brood. Ik doe mijn best om er mooie combinaties van te maken."

Johanna Brinkman - Foto: Omrop Fryslân

Matthijs Faasens fan Spar City

Yn Nederlân binne sa'n 160.000 gebrûkers fan de app Too good to go. It inisjatyf foar de app komt fan de Movement Too Good To Go. Ien fan dy inisjatyfnimmers is Melvin de Groot. Hy leit út hoe't de app krekt wurket. "Op ús app kinst sjen wêr yn de buert iten oerbliuwt. Dêrnei klikst op in pakketsje en kinst 'm bestelle. Dêr sit iten yn dat dy dei noch goed is. Kinst it oan de ein fan de dei ophelje. De dei dêrnei kin de supermerk it net mear ferkeapje."

Gjin boadskippelistje

Klanten kinne net sels in boadskippelistje meitsje fan wat der yn it pakketsje sitte moat. It giet om guod dat oerbleaun is. "De priis is wol leger as gewoanwei", seit De Groot. "It kin fan alles wêze, mar it is elke kear wer oars. Kinst neat ferwachtsje."

Ien tredde fan al it iten dat op de wrâld produsearre wurdt, giet úteinlik it jiskefet yn. Mei de app To good to go besykje de inisjatyfnimmers dit tsjin te gean.

Melvin de Groot fan de app Too good to go

(advertinsje)