Fertraging troch ûngelok op A7 by Koartehimmen

26 okt 2018 - 08:09

Op de A7 by Koarthimmen is in auto oer de kop slein. Ek leit der in auto yn de sleat. Dêrby binne twa minsken ferwûne rekke. Helptsjinsten binne oanwêzich op de lokaasje. Fanwege it ûngelok is der mar ien rydstrook iepen.

File - Foto: Shutterstock.com

Yntusken is der in soad fertraging, sa meldt de plysje. Ferkear yn de rjochting fan Drachten nei It Hearrenfean moat rekken hâlde mei file. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
A7 Koartehimmen file
(advertinsje)