Kollum: "Steunsoallen"

26 okt 2018 - 08:00

"Doe't ik jier of 16 wie, siet ik op fitness mar squatte koe ik noait. Ik hie dan hiel bot lêst fan 'e knibbels dus dy oefening die ik net. Myn knibbels hawwe altyd in swak punt west, krekt as myn heupen. As ik lang stean moast, diene dy ek sear. En dan hie 'k ek noch in punt yn myn rêch dat wolris opspile. It wie gjin pine, mear in wurch en gespannen gefoel.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Geandewei de jierren waard it slimmer. As wy op wintersport wiene, dan doarde ik net te skieën om myn knibbels. As wy in wike op de boat fuortwiene mei in soad treppen dan kaam ik thús mei seare knibbels en jûns moast ik wol gauris efkes op 'e bank lizze om de rêch rêst te jaan. No bin 'k der ek achterkommen dat ik spierpine krij as ik tefolle molkeprodukten yt, mar dat is in oar gefoel. Dy pine lûkt yn it liif, ek as ik neat bysûnders dien ha. En tink ik om it iten, dan lûkt it der wer út. Dat ha 'k ûnder kontrôle.

Mar lêst hie'k in ein rûn op Skylge en doe hie ik sokke seare fuotten en heupen en ik ha wol in wike stiif west. Ik sjou altyd op learzen om want dat is ideaal mei de hynders en de hûnen, mar doe ha 'k besletten om dochs mar ris in pear goede rinskuon te keapjen. Ik gong nei sa'n spesjale winkel en in aardich frommeske woe earst myn fuotten opmjitte.

Neffens har hie ik in ôfwiking oan myn fuotten en se tocht dat it goed wêze soe om in pear steunsoallen yn de skuon te dwaan en nei in podolooch te gean. 'Hast wolris lêst fan dyn knibbels, heupen en rêch?' frege se en ik knikte. 'Hiel faak,' sei ik. 'Mar ik wit net better.'

Se die noch in balânstest om my it ferskil fiele te litten. Ik moast earst op myn sokken op 'e grûn stean en de earms útstekke. As se op myn hannen drukte wie ik drekst út balâns. Se die itselde doe't ik op de soaltsjes stie en doe wie ik folle sterker. Ik ha in ôfspraak makke by de podolooch en it die yndied bliken dat ik nochal brike poaten ha.

Ik ha holfuotten en rin op de bûtenkant fan myn fuotten. Fan achteren wie goed te sjen dat de hakken skean nei bûten gean. En as de fundearring by de basis al min is, dan is it logysk dat alles úteinlik ûnder spanning komt te stean. It wie in wiere iepenbiering en de bêste man hat spesjale steunsoallen foar my makke.

Ik wie bliid dat ik it wist, mar it wie tagelyk ek behoarlik frustrearjend. Ik hie it ek leaver 30 jier earder witte wollen! En hoe faak ik ek by in terapeut, sportskoalle of yogales west ha of by de dokter siet foar myn knibbels, noait hat immen it oer de stân fan myn fuotten hân. Sels net yn in skuonwinkel.

Ik moast al wenne oan dy soallen en fielde ynienen allegear oare spieren by it rinnen. Mar ik ha, benammen jûns, mear energzjy. De rêch fielt in stik minder wurch, it rinnen is gjin wrotten mear en ik kin langer stean. It iennichste probleem is dat myn rjochterankel noch in hekel oan de rinskoech hat, mar de soallen passe ek yn myn learzen.

Sadwaande ha ik dus in libben foar en nei de steunsoallen. Op nei de 50 soe it samar kinne dat ik troch dizze soallen yn myn twadde jeugd kom, dus it kin aanst noch wolris need gean!"

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)