Fjoertoer Flylân krijt opknapbeurt

26 okt 2018 - 06:53

It is efkes wennen foar toeristen op Flylân dy't yn de hjerstfakânsje op it eilân komme. It meast bekende beaken op it eilân, de reade fjoertoer, is hielendal ynpakt. Grutte wite skermen om de toer hinne ferklappe dat de toer flink opkalfatere wurdt. De restauraasje is neffens Rykswettersteat nedich om't de ferve dy't op de toer sit heechnedich ta is oan in nij 'likje'.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

By de restauraasje wurdt rekken hâlden mei strange miljeu-easken. De ferve moat stadichoan ferdwine mei help fan twa stoom-apparaten. Dat nimt in skoft tiid yn beslach. De ferwachting is dat de put oant de krystdagen duorret.

It wurk rint dizze wike lykwols fuort al fertraging op. Troch de hurde wyn binne de plestik doeken om de toer hinne stikken waaid. "Hy wie hielendal netsjes ynpakt, mar de helte is der no alwer ôf," seit Germ Veenstra, pachter fan de fjoertoer.

It ljocht bliuwt oan

Wylst dy restauraasjewurksumheden plakfine, kin it ljocht yn de fjoertoer gewoan baarnen bliuwe. Wol is it ljocht folle minder krêftich en minder sichtber as oars. Dat hat te krijen mei de skermen dy't foar de koepel hingje. De skipfeart is op 'e hichte brocht, alle dagen wurdt troch it ferkearssintrum op de oare fjoertoer op Skylge, it boadskip brocht dat fjoertoer fan Flylân net safolle ljocht jout as oars.

Restauraasje

Rykswettersteat hat de ferantwurdlikheid om monumintale gebouwen sa as de fjoertoer op Flylân te ûnderhâlden. "Op sommige plaatsen begon de rode verf al te verkleuren," seit Casper van Meursch fan Rykswettersteat. "Daarom zijn we blij dat we nu met de restauratie kunnen beginnen." Der wurde gjin oanpassings dien oan de konstruksje fan de toer, allinnich it uterlik fan de toer wurdt oanpakt. "Wij noemen dat conserveringswerkzaamheden."

Oare funksje

Nettstjinsteande dat de fjoertoer net mear beminske wurdt mei in fjoertoerwachter foar de skipfeart hat de toer wol in oare funksje. Van Meursch: "Er zitten veel antennes op de toren voor bijvoorbeeld het 4G-netwerk".

Fjoertoerpachter Germ Veenstra

(advertinsje)