Krystmusical yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean giet net troch

26 okt 2018 - 06:37

De krystmusical yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean giet dit jier net troch. De organisaasje kin it finansjeel net rûnkrije. De musical is in inisjatyf fan de gemeente Hearrenfean. Amateurs út de hiele regio krigen tradysjegetrou de kâns om op te treden mei profesjonele akteurs, lykas Joop Wittermans, Aart Staartjes en Rients Gratama.

Foto: Omrop Fryslân

Finansjeel risiko

Ferline jier wie it ek al in toer om de begrutting rûn te krijen. De gemeenteried sprong doe foar ien kear by. Hearrenfean organisearre de musical mei de Cultuur Coöperatie Welbegrepen. De gemeente hope sa de finansjele risiko's better te behearskjen. In koöperaasje hat bygelyks mear subsydzjemooglikheden. Mar dizze konstruksje hat úteinlik net holpen.

De stekker der út

Produsint Kor Konstapel fan de organisearjende Cultuur Coöperatie Welbegrepen snapt der neat fan. "We hadden de begroting bijna rond. We hadden nog een paar tekorten van zo'n 15.000 euro, die zouden we nog afdekken. Maar die plannen werden doorkruist door het besluit van de gemeente om er helemaal mee te stoppen. We gingen er vanuit dat de inkomsten uit kaartverkoop en subsidies nog binnen zouden komen, maar kennelijk had de gemeente daar geen vertrouwen in. Het financieel risico was te hoog, vandaar dat ze besloten om de stekker eruit te trekken."

Mooglike claims

Konstapel wie ferbjustere oer it beslút. "Ik zal mijn eerste reactie maar niet herhalen. Mijn eerste vraag was: is dit nog omkeerbaar? Het antwoord was meteen nee. Dan ben je uitgepraat. Het moment van dit besluit was erg ongelukkig. In september zijn we al begonnen. We hadden al vijf professionals aangetrokken, waaronder Joop Wittermans en zijn dochter Margje. Er zijn dus al kosten gemaakt en je moet er rekening mee houden dat professionals nog met een claim komen."

Grutte teloarstelling

De teloarstelling is grut by de organisaasje. Konstapel: "Ik ben zwaar teleurgesteld. Maar het draait niet om mij. Het draait om de productiegroep van 16 amateurspelers, waaronder heel veel kinderen. Dat is het allerergste. En natuurlijk het publiek."

Jild werom

De gemeenteried bepraat ynkoarten hoe't it fierder moat mei dizze tradysje, dy't al tal fan jierren bestiet. Minsken dy't al in kaartsje kocht hiene, kinne dat wer ynleverje by it Posthuis Theater. Se krije har jild dan werom.

Produsint Kor Konstapel fan Cultuur Coöperatie Welbegrepen

(advertinsje)