Brân yn wenbuorkerij yn Dronryp

26 okt 2018 - 06:09

De brânwacht fan Menaam is yn de nacht fan tongersdei op freed yn aksje kaam foar in brân yn in wenbuorkerij oan de Hearewei yn Dronryp. Om't it om in âld gebou gong, waard fuortendaliks opskaald. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.

Foto: SR Fotografie

Dat de brân flot ûnder kontrôle wie, kaam neffens de brânwacht mei troch it rappe yngripen fan de buorman. Dêrtroch bleau de brân beheind ta ien keamer. De brânwacht hat de wenning fentilearre en profesjonele help is ynskeakele om de bewenners te begelieden by it ôfhanneljen fan de skea.

Trefwurden: 
brânwacht brân Dronryp
(advertinsje)