Noppert ferliest yn earste ronde EK fan wrâldkampioen

Danny Noppert is yn de earste ronde fan it Europeesk kampioenskip darten útskeakele troch Rob Cross. De Ingelske darter is regearjend wrâldkampioen en wûn mei 6-4.
Danny Noppert © www.orange-pictures.nl
De Jouster koe goed partij biede oan Cross. Hy kaam sels twa kear mei in break foar: earst 0-2, letter 2-4. By dy twadde break pakte Noppert de leg troch 108 út te smiten. Beide kearen kaam Cross lykwols werom.
Doe't it 4-4 wie, wiene de rollen omdraaid: Cross smiet 84 út en bruts Noppert. Mei in 12-darter kaam de regearjend wrâldkampioen op 5-4. Dy break joech Cross net mear út hannen.
It Europeesk kampioenskip is ien fan de grutte telefyzjetoernoaien fan it profbûn PDC. Oan de ein fan it jier komt Noppert noch yn aksje op it wrâldkampioenskip.
It wie net de earste kear dat Noppert tsjin de regearjend wrâldkampioen smiet. Ein septimber dit jier fersloech hy Cross yn de heale finale fan in Players Championship yn Dublin. Noppert soe dat toernoai letter ek op syn namme skriuwe.