It Hearrenfean is ien fan de tsjusterste plakken

25 okt 2018 - 22:43

It Hearrenfean heart by de tsjusterste plakken fan Nederlân. Ut ûndersyk yn de 54 grutste plakken yn Nederlân docht bliken dat it stadichoan hieltyd tsjusterder wurdt, nettsjinsteande iepenbiere strjitferljochting en ljochtreklame.

Foto: Omrop Fryslân

Njonken It Hearrefean is it ek tsjuster yn Stadskanaal, Dronten en Emmen. De stêden dy't just it measte ljocht ferspriede, binne Amsterdam en it gebiet dêr't Delft, Den Haag, Zoetermeer en Rotterdam lizze.

By it ûndersyk is seis jier lang sjoen nei ljocht dat omheechstjoerd wurdt. Dat is fan grutte hichte ôf metten troch de satellyt Suomi NPP. "Na jaren lang ieder jaar lichter te zijn geworden, lijkt Nederland op een keerpunt beland", melde De Natuur- en Milieufederaties.

Ljochtútstjit nimt hjir ôf

Yn Fryslân lizze, njonken Flevolân en Gelderlân, ek de plakken dêr't de ljochtútstjit it hurdst ôfnimt. Yn Oerisel, Drinte en Grinslân nimt de ljochtútstjit just ta.

Oft it de kommende jierren noch tjusterder wurde kin yn Nederlân, hinget neffens de federaasjes foar in grut diel ôf fan bedriuwen. Oerheden dogge harren bêst al. "Ze zorgen ervoor dat er gedimd en gedoofd wordt waar het kan. Maar door de lage kosten van led-verlichting zijn sommige bedrijven geneigd de verlichting en reclames de hele nacht aan te laten."

Trefwurden: 
It Hearrenfean tsjuster
(advertinsje)