Meriant-direkteur kin him net fine yn krityk fan meiwurkers en FNV

25 okt 2018 - 22:05

Meriant-direkteur Hugo Broekman werken him net yn de krityk dy't er fan in groep wurknimmers en de FNV krijt. Sy ha har nocht fan de problemen op lokaasje LindeStede yn Wolvegea en de wize wêrop't de direksje dêrmei omgiet. Dat sy no de publisiteit socht ha, helpt neffens Broekman net.

Lindestede yn Wolvegea - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Sûnt twa en in heal jier lyn wurkje se by Meriant op in oare wize. "Op een kleinschalige manier", fertelt Broekman. "Die werkwijze is samengesteld met bewoners, familie en collega's. Zo werken we op een manier dat de werknemers een goede werk-/privébalans hebben. Daarbij heb je veel ruimte, maar je moet ook verantwoordelijkheid nemen."

Krityk komt fan lytse groep

Broekman is op de hichte fan de krityk, mar it giet neffens him mar om in lytse groep. "De meeste afdelingen draaien met hetzelfde systeem heel erg goed. Dat heeft geleid tot een betere kwaliteit van zorg, stijgende tevredenheid van bewoners, familie en medewerkers. Deze afdeling die met kritiek komt heeft de stap nog niet helemaal gemaakt. We proberen ze daarin te steunen."

Neffens de FNV hat Meriant minsken bang makke en doare oaren dêrom neat te sizzen. De reaksje fan Meriant is hast altyd yntimidaasje. "Dat herken ik niet. Sterker nog, ik krijg te horen dat ik heel erg toegankelijk ben. Bij een medewerkerstevredenheidsonderzoek kwamen wij eruit als beste werkgever. Het is jammer dat deze twee teams dat anders ervaren."

"Kan vandaag nog worden opgelost"

Dat der problemen binne, leaut Broekman ek wol. Mar dat kin gau klear wêze. "Veel van de punten waar zij hun ontevreden over uiten, kunnen vandaag nog worden opgelost. Daar is ook ruimte voor. Maar dat moet je dan wel willen horen en proberen die stap te maken."

De FNV hat ek as krityk dat der gjin wurdearring en respekt is foar de meiwurkers. "Dat is er juist wel, maar dat heb ik blijkbaar niet goed over weten te brengen bij deze groep mensen", seit Broekman.

Skokkende ferhalen

Nije wike komme tsientallen meiwurkers fan Meriant by elkoar. Se presintearje dan in boek oer hoe't de wurkjouwer mei har omgiet. Neffens de FNV giet it om skokkende ferhalen.

Trefwurden: 
FNV Meriant LindeStede
(advertinsje)
(advertinsje)