Amtners werom yn Provinsjehûs

07 nov 2011 - 17:04

It nije provinsjehûs is klear. Fiif jier hat it duorre, mar no binnen de 800 amtners werom op it âlde plak oan de Twibaksmerk.

De lêste han wurdt noch lein oan de nije bestrjitting fan de Twibaksmerk yn Ljouwert mar de stekken om de bouput binne fuort. It nije provinsjehûs is klear. Fiif jier hat it duorre, mar no binnen de 800 amtners wer werom op it âlde plak. Dat bringt wer in protte drokte yn de buert.

De ûndernimmers om it Provinsjehûs hinne binne der bliid mei. Post Plaza manager Feiko Boomsma hie sels in "oelkom thús"-boerd regele. Guon ûndernimmers koenen de earste dei al fernimme dat it drokker wie as oars.

(advertinsje)