Antonius Soarchgroep klear om pasjinten fallyt sikehûs Emmeloord oer te nimmen

25 okt 2018 - 19:12

De Antonius Soarchgroep út Snits is der klear foar om alle pasjinten oer te nimmen fan it fallite sikehûs yn Emmeloord. Antonius hat in fêstiging yn Emmeloord en oerwaget no de nijbou yn de polder nei foaren te heljen fanwege it fallisemint fan de Iselmarsikehuzen yn Emmeloord, Lelystêd en Dronten.

Foarsitter fan de ried fan bestjoer Marcel Kuin is net benaud dat it oernimmen fan de soarch yn Flevolân in finansjeel risiko is. De Antonius Soarchgroep hat de soarch oars organisearre troch gearwurking mei oare Fryske sikehuzen en hat nijere gebouwen. Dêrtroch binne de kosten leger.

(advertinsje)