Donorbern Betty Veldman hat har biologyske heit fûn

Nei in syktocht fan hast 10 jier hat donorbern Betty Veldman út Drachten har biologyske heit fûn én moete. "It wie fantastysk. In hiel ûnwerklik momint. Folle mear as dat ik ea ferwachte hie", seit Betty. Mei help fan in donordetektive, DNA-testen en in acht meter lange stambeam is Betty har DNA-puzzel no einlik kompleet.
Petear mei Betty Veldman
Yn 2010 krige Betty te hearren dat har heit, dy't al in hiele tiid lyn stoarn is, net har echte heit wie. Har mem hie gebrûk makke fan in anonime donor by de Kremerklinyk yn Grins. Doe't se dat wist, krige Betty it gefoel dat se wat miste yn har libben en begûn se har syktocht nei mear ynformaasje.
Yn desimber 2017 fertelde Betty foar de earste kear har ferhaal yn Fryslân Hjoed. Oanlieding dêrfoar wie de Facebookgroep Kremerkids. Dy hat Betty oprjochte foar donorbern en donoaren sadat dy't ferbûn binne oan de Kremer fertiliteitskliniken yn it noarden. Mei dizze groep wol Betty derfoar soargje dat donorbern en donoaren oan inoar keppele wurde kinne. De groep hat, neist de match fan Betty, in soad opsmiten.

In ûnferwacht telefoantsje

"Neidat ik de DNA-match krige mei myn heit, wie it plan dat ik fia it FIOM kontakt sykje soe. Mar it waard my fierstente yngewikkeld en duorre my te lang. Dêrom ha ik him ferline wike opbelle. Mar doe wie er net thús." Betty hie it wer wat neist har dellein, mar doe waard se op moandeitemoarn wekker belle.
"Ik seach syn namme op it skerm fan myn telefoan stean. Ik wie hielendal fan slach." Doe't Betty opnaam wist se eins net wêr't se begjinne moast. "Ik ha it der mar gewoan útgoaid. It wie earst hiel lang stil oan de oare kant, mar dêrnei hie er in hiel soad ynteresse en sei dat er my graach moetsje woe."

Itselde kin, wangen en hichte

In dei letter is Betty nei him ta riden. "Hy hie de triennen yn 'e eagen doe't er my seach en wie hielendal oandien. Ik seach safolle werkenbers: itselde kin, wangen en hichte."
Mar sa'n moeting is wol hiel dûbeld, fertelt Betty, want se ha no wol de earste 30 jier fan mekoar mist. Syn famylje wist der wol fan dat hy donor west hie. Hy woe graach oare minsken helpe dy't gjin bern krije koenen. "Mar op in gegeven momint is it sa'n skoft lyn, dan tinke je der net mear oan. Hy fertelde my wol dat er der in protte bewûndering foar hie dat ik trochset ha om him te finen."
Skiednis donoaren

40 tûzen donorbern

Betty is net allinnich: nei skatting binne der foar 2004 sa'n 40.000 donorbern mei in anonime donorheit. Dat komt trochdat de Wet Donorgegevens Kunstmatige Bevruchting pas yn juny 2004 fan krêft wie. Dy hâldt yn dat in donorbern fan 16 jier ôf gegevens opfreegje kinne oer de donor, bygelyks de kleur fan it hier of de eagen, mar ek sosjale en persoansgegevens. Mar de measte gegevens fan dêrfoar binne ferneatige wêrtroch't donorbern fia DNA-databanken sykje nei harren donor, bruorren of sussen.

Stambeamûndersyk

Begjin maaie krige Betty berjocht dat se in DNA-match hat mei in famyljelid fan har biologyske donorheit. Mei help fan in donordetektive, dy't har stambeam útpluze hat, hat se de nammen fan fjouwer mannen dy't har heit wêze kinne.
Se wie der wis fan, mar nei de útstjoering fan Fryslân Hjoed krige Betty toch in negative útslach fan ien fan de manlju wêrfan't se DNA krigen hie. No moast se wer hielendal op 'e nij begjinne. "De syktocht waard my op dat stuit tefolle. Ik siet net lekker yn myn fel. Ik ha bewust ôfstân hâlden fan alles en wie der hielendal klear mei."
De stambeam útlein yn 'e keamer

Acht meter lange stambeam

Betty krige in soad help fan Ivo van Halen, dy't himsels donordetektive neamt. "Hy hat der alle dagen mei dwaande west. Ik ek. Wy ha nachtenlang oan it sykjen west en mei resultaat. Nei in pear moanne hie ik in stambeam mei 11 takken en 8 meter lang."
Foar Betty en Ivo wie it no de keunst om takken út te sluten en dat koe allinnich troch DNA teste te litten fan ien út de tak. Yn septimber wie it safier. Mei noch twa takken oer dêr't se noch gjin DNA fan hienen, luts Betty des stoute skuon oan. "Ik ha ien fan de minsken út de oerbleaun takke belle. It gong om trije broers út de jierren 50. Ien fan harren soannen soe myn heit wêze kinne."
De stambeam fan de syktocht © Omrop Fryslân

Net oankommen sjoen

De man stie der iepen foar om syn DNA ôf te stean, dus Betty hat him opsocht. "Hy wie hiel emosjoneel doe't er my seach en fertelde eat wat ik net oankommen seach. Ien fan syn bruorren hie donor west yn de Kremerkliniek yn Grins. Ik stie perpleks. In foto fan alle trije broers kaam derby en ik wist gelyk myn heit der út te pikken. Wat in oerienkomst!"
Mar om der wis fan te wêzen, hat Betty it DNA fan de man noch ynstjoerd om tsjekke te litten. "In pear wike letter kaam dêr dan einlik it antwurd: ik hie in 100% match."

Better kennen leare

It bliuwt net by ien moeting mei har heit, fertelt Betty. "Hy wol my graach better kennen leare, fertelde hy. It kontakt mei myn biologyske heit en syn famylje fielt oan no ta hiel goed. Fan 'e moarn appten se my noch dat ik fielde as in soarte fan geskink. Ik ha dêrom echt it idee dat se my no al akseptearje. En der stiet noch in moeting op de planning, mei syn frou en myn trije healsuskes."
Betty is fan plan om gewoan fierder te gean mei de Facebookgroep Kremerkids. "Ik kin no ek oaren helpe dy't in match krigen ha en bygelyks begjinne moatte mei in stambeamûndersyk. Ik wit no presys hoe't it moat."