Trije ferwûnen by iensidich ûngelok yn Lippenhuzen

25 okt 2018 - 17:32

Op de Bûtewei yn Lippenhuzen is tongersdeitemiddei om 16.00 hinne in ûngelok bard. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de bestjoerder op in ûnferhurde dyk de macht oer it stjoer kwyt, wêrnei't er tsjin in beam botste.

Ungelok Lippenhuzen - Foto: Srfotografie

Der wiene trije ambulânses oanwêzich om de bestjoerder en de twa byriders te behanneljen. De trije slachtoffers binne oerbrocht nei it sikehûs. De brânwacht fan De Gordyk wie oproppen om de oalje dy't út de auto streamde op te romjen.

Trefwurden: 
ûngelok Lippenhuzen
(advertinsje)