Wetsus makket kâns op Amerikaanske priis fan tsien miljoen dollar

25 okt 2018 - 16:58

Wetterynstitút Wetsus is yn de race foar in prestizjeuze Amerikaanske priis, dêr't tsien miljoen dollar mei te winnen is. It projekt dêr't Wetsus mei meidocht oan de George Barley Water Prize draait om in metoade om mei fosfor fersmoarge wetter skjin te krijen. De metoade moat oeral op de wrâld ta te passen wêze.

Wetsus yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Wetsus sit mei trije oare gadingmakkers yn de lêste faze fan de kompetysje. Dy faze duorret 14 moanne. Njonken Wetsus hat Green Water Solution de lêste faze ek helle. Dat bedriuw is in partnerorganisaasje fan Wetsus.

(advertinsje)