Kabaretier Ronald Smink organisearret Comedy Night yn Ljouwert

25 okt 2018 - 16:52

In libjend stripfiguer. Dat fynt kabaretier Ronald Smink de bêste omskriuwing foar himsels. De âld-Jouster sit tsien jier yn it fak en is al in jier dwaande mei in yn Nederlân nij konsept: Comedy Night.

It publyk krijt dan meardere útienrinnende kabaretiers op it poadium te sjen. Smink regelet dat foar grutte poppoadia lykas Simplon yn Grins, Hedon yn Zwolle en woansdeitejûn wie it yn Neushoorn yn Ljouwert.

Comedy Night

Comedy Night yn Neushoorn is yn koarte tiid útgroeid ta in begrip yn it poppoadium. Dizze edysje stiene Kees van Amstel, Tim Hartog, Marlon Kicken en Tom Sligting op it poadium.

Absurde humor

De earste kear dat Smink sels op it poadium stie wit er noch goed. "Dat wie mei it Groninger Studenten Cabaret Festival yn 2007. Ik haw doe sawol de publykspriis as de sjuerypriis krigen."

Dêrnei wie er net mear fan it poadium ôf te slaan en hat er fjouwer foarstellingen betocht. De ynspiraasje krijt er fan it deistich libben, mar om dêr dan op in gekke wize nei te sjen.

"Myn grappen wurde ek wol absurd en totaal net realistysk neamd. De basis fan de grap is altyd wat ik meimakke haw. Bygelyks in speeddatesessy. Myn grappen geane dan oer de froulju dy't ik moete haw, mar dan meitsje ik it wat slimmer as dat it wie."

Moardzjende konkurrinsje

"By my wurket it wat oars as by de measte oare kabaretiers. Ik behannelje gjin maatskiplike saken." Foar Smink is dit in wize om him te ûnderskieden fan de moardzjende konkurrinsje. "Wy binne allegearre ôfhinklik fan ús publyk. Somtiden spylje ik foar tritich minsken en somtiden foar 230."

"It belangrykste is datst de herten fan de minsken winst", seit Smink. "En dat alle kearen wer op in oare wize besykje te dwaan. Dêrtroch bliuwt it fansels ek in útdaging."

Burn-out

Dy útdaging is Smink ek alris tefolle wurden. "Twa jier lyn haw ik in burn-out hân. Ik wie te perfeksjonistysk dat ik de hiele tiid op myn teannen oan it rinnen wie. As komediant bist miskien sels wol dyn grutste kritikus", fertelt Smink.

"Ik tocht, ik hâld op mei kabaret. Ik seach mysels nea mear op it poadium stean. Dochs koe ik de leafde foar it fak net hielendal ferjitte." En it perfeksjonisme? "Dat is der hieltyd noch wol. Mar it giet wol folle better."

Out of the box

Yn de krystfakânsje stjoert Omrop Fryslân de foarstelling 'Out of the box' fan Ronald Smink út. Fan syn trije teäterprogramma's hat er de bêste en meast absurdistyske stikken ta ien gehiel makke. Hy fertelt bygelyks wat in yndiaan op in sneldyk docht mei in bever en wêrom't de paus nea op de noardpoal is. De foarstelling wurdt ôfsletten mei in wiere Kipsleverworst-medley.

(advertinsje)