Rjochtbank hâldt saak fertochten drugslab Suwâld oan

25 okt 2018 - 16:34

De rjochtsaak tsjin trije manlju dy't fertocht wurde fan belutsenheid by in drugslab yn Suwâld is oanhâlden. De advokaten fan de fertochten hiene dêr om frege, omdat se kamerabylden sjen wolle fan it hiem fan de pleats dêr't it drugslab fûn waard. De rjochtbank stimde yn mei dat fersyk.

Drugslab yn Suwâld - Foto: De Vries Media

It drugslab waard desimber ferline jier ûntdutsen, neidat de plysje earst al in wytplantaazje fûn hie. It lab hie goed west foar de produksje fan miljoenen xtc-pillen. Twa fan de trije fertochten, út Roden en Assen, waarden yn maaie oppakt. Letter arrestearre de plysje ek noch in man út Grins.

Loads

De bewenner fan de pleats waard fuort nei it oprôljen fan it lab al oppakt. Tsjin him is twa wiken lyn fiif jier sel easke. Justysje fertinkt him fan belutsenheid by it drugslab. De man sels ûntkent, hy soe de loads by de pleats allinnich mar ferhierd ha. Neffens it Iepenbier Ministearje is op kamerabylden te sjen dat de man mei de oare fertochten de loads yn rint. Syn advokaat seit dat allinnich mar te sjen is dat de fertochte yn de rjochting fan de doar rint.

De útspraak yn de saak is nije wike. De rjochtsaak tsjin de oare trije fertochten is nei alle gedachten net earder as yn maart of april takom jier.

Trefwurden: 
rjochtsaak Suwâld drugslab
(advertinsje)